Frysk Oekumenysk Wurkferban Hegebeintum

Eltse earste snein fan de moanne yn de tsjerke fan Hegebeintum

It untstean fan it Frysk Oekumenysk Wurkferbân Hegebeintum

Oernommen ?t:

"DE FIIF FRYSKE OEKUMENYSKE WURKFERBANNEN YN FRYSLAN"

skriuwer Ds. Klaas Visbeek



S?nt jier en dei binne yn 'e tsjerke op de heechste terp fan Frysl?n tsjinsten h?lden. Faaks wol 4 ieuwen eucharisty ?nder Roomsk bew?ld en benei 4 ieuwen nei de Reformaasje as Nederl?nsk Herfoarme Gemeente. Mar ek hjir moast nei oare wegen socht wurde. Mei yngong fan 1997 h?lden de tsjinsten op, om't de l?ste 18 leden oergean soenen nei Ferwert en it tsjerkegebou waard oerdien oan de Stifting Alde Fryske Tsjerken. De 15 jier d?rfoar wie der noch om de 3 of 4 wike tsjinst. Doe't d?dlik waard, dat de doar mei yngong fan it nije jier ticht bliuwe soe, hawwe wy (K.V.) dit mei de sittende tsjerkeried bepraat en ?tsteld: besykje it op in oare wize, sa as bygelyks yn Herbeam. De Fryske tsjinsten wienen yn Hegebeintum ek wol sa goed beset as de Holl?nak-talige. Se wie der op tongersdei 11 april 1996, j?ns om 8.00 oere in gearkomst yn de tsjerke op 'e terp. It ien en oar wie yn de kranten oankundige. As motto wie keazen: "Hald Hegebeintum heech!" Wim van der Schaaf wie ?tnoege om te fertellen hoe't it yn Hjelbeam om en ta gie. Hy hie mei 15 jier foarsitterskip in heap ?nderfining mei it model Hjelbeam. Mear as fjirtich minsken kamen op de ?tnoeging ?f, Wy liezen ?t Johannes 15 oer de druvebeam en de ranken en lutsen dit troch nei Hegebeintum en seinen: Hjir liket in hiel ?lde beam omhoud te wurden, mar?. der bliuwt in stobbe oer en d?r kinne nije twigen op groeie. It Friesch Dagblad koppe de oare deis: "Plan Hegebeintum sil heve".

Op 22 april 1996 is der in ferfolch-gearkomste te Ferwert.

15 minsken ferklearren harren ree de skouders ?nder it nij op te rjochtsjen wurkferb?n te setten. Dy j?n waard besletten om te kommen ta it "Frysk Oekumenysk Wurkferb?n Hegebeintum". It doel wie om mei yngong fan 1997, ynearsten ienkear yn 'e moanne, yn de tsjerke fan Hegebeintum in Fryske oekumenyske earetsjinst te h?lden, op de earste snein fan 'e moanne, moarns om 9.30 oere en op ?ldjiersj?n om 19.00 oere. De funksjes fan foarsitter, skriuwer, pongh?lder, preekfoarsjenner en kosters waarden ferdield. Fierder soe de tsjerkerie fan Hegebeintum frege wurde om by de oerdracht oan de Herfoarme gemeente fan Ferwert te betingjen, dat l?stneamde in ?lderling oanwiisde/bef?stige dy't as bys?ndere opdracht krige kontakt mei en tasicht op it F.O.W. Hegebeintum te h?lden. De sittende ?lderling S.H. Skukking woe dat op him nimme. Dit wie ek nei it foarbyld fan Hjerbeam ?n op oantr?n fan Tim Kansil, de skriuwer fan de Fryske Provinsjale Tsjerkegearkomste fan de Herfoarme Tsjerke te Ljouwert.

De Herfoarme Gemeente fan Ferwert wegere en doe waard de Herfoarme Gemeente Blije frege, dy't der wol mei ynstimme koe. In gearkomste letter wurdt foaral oer "de statuten" praat. Hjelbeam hie oant dan neat op papier en dat woenen se d?r eins ek net: net tefolle regelje! Allinne, dat de foargongers yn de eigen tsjerke it foech om te preekjen en ta de betsjinning fan de sakraminten hawwe moasten, dus se moasten d?mny of pastoar w?ze. Yn Hegebeintum woenen wy mear regelje, benammen ek de foarm; moast it in feriening wurde of in stifting? Der is d?dlik keazen fan de stiftingsfoarm, want dy jout mear frijheid en elk dy't lid is fan in beskate tsjerkemienskip, moat dat ek bliuwe kinne. In Wurkferb?n is perfoarst gjin nije tsjerkemienskip! It is in gearwurking fan minsken, dy't Jezus as Hear belide mei it doel op in beskaat plak oekumenyske earetsjinsten yn de Fryske taal te h?lden. Sa binne wy kommen ta in konsept reglemint Frysk Oekumenysk Wurkferb?n Hegebeintum.

  1. Doel

    It Frysk Oekumenysk Wurkferb?n Hegebeintum is in gearwurking fan minsken dy't Jezus as de Hear belide (Romeinen 10:9a). It doel fan it wurkferb?n is it geregeld h?lden fan earetsjinsten yn de Fryske taal yn de tsjerke fan Hegebeintum.

  2. Bestjoer
  1. It wurkferb?n bestiet ?t op syn minst 12 leden dy't ?t har fermidden in deistich bestjoer beneame mei in foarsitter, skriuwer, pongh?lder en oare leden. Ien fan de leden is (sa mooglik) amtlik ferb?n oan in tsjerklike gemeente. Yn it wurkferb?n sit (sa mooglik) in d?mny en/of pastoar as teologysk adviseur.
  2. De leden fan it deistich bestjoer geane nei 4 jier ?f, mei de mooglikheid fan ien termyn ferlinging. Yn gefal fan tuskentiids ?fgean of ferstjerren, wurdt sa gau mooglik yn de fakatuere foarsjoen. Dy persoan begjint in nije termyn.

   3.  Tsjinsten

  1. Elk dy't yn syn/har tsjerklike gemeente c.q. parochy it foech hat om te preekjen, kin frege wurde om yn Hegebeintum foar te gean.
    As regel binne de tsjinsten yn it Frysk, mar as it wier net oars kin, mei de foargonger ek in oare taal br?ke;
    yn sa'n gefal sil(le) de skriftl?zing(en) troch in lid fan it wurkferb?n yn it Frysk dien wurde en sjongt de gemeente ek yn it Frysk.
    As preek- en reiskostenfergoeding wurde de rjochtlinen fan de Herfoarmde Tsjerke of har opfolgers hantearre.
    Op syn minst ienris yn it jier wurdt it Hillich Nachtmiel fierd. Elk dy't him/har mei Kristus ferb?n fielt, wurdt d?rta ?tnoege.

   4.  Fin?nsjes

  1. De jildmiddels wurde krigen troch kollekten yn de earetsjinsten, jeften, legaten en rinten.
  2. De pongh?lder iepenet in rekken op namme fan it Frysk Oekumenysk Wurkferb?n Hegebeintum en h?ldt in oersichtelike administraasje by.
  3. De pongh?lder is altiten ferplichte it Wurkferb?n de folsleine administraasje ynsjen te litten.
  4. Nei ?frin fan it kalinderjier wurde de boeken troch twa leden fan it Wurkferb?n (gjin leden fan it deistich bestjoer) neisjoen en d?roer ferslach ?tbrocht.

   5.  Besluten

  1. Besluten wurde nommen by mearderheid fan stimmen. By staking fan stimmen is it ?tstel fersmiten.
  2. Foar alle gefallen d?r't dit reglemint net yn foarsjocht, besl?t de gearkomste fan it Wurkferb?n.

                                         Hegebeintum, 1 jannewaris 1997

Letter is it konsept-reglemint troch notaris Richtsje L. Miedema, te Mitselwier omfoarme ta de statuten fan de stifting.

De earste tsjinst fan it Wurkferb?n wie op 5 jannewaris 1997, de deis nei de alvest?detocht, d?r't de foarsitter sein hie: "it sil heve!"

Alle earste sneinen fan de moanne is der sa goed as in folle tsjerke, likegoed as op ?ldjiersj?n. Op Wite Tongersdei wurdt it Nachtmiel fierd. Yn 2003 wie der foar it earst in Krystnachttsjinst.

Ynfoarmaasje oer it Wurkferb?n wurdt nei b?ten brocht troch de "Beintumer B?n", dy't twaris yn it jier ferskynt.

Fierder is yn april de jiergearkomste yn it besikerssintrum ?nderoan de terp mei yn it twadde part in sprekker mei in nijsgjirrich ferhaal.

Bys?nder is, dat mei oantr?n en gearwurking fan it Wurkferb?n, it oargel restaurearre en yn novimber 2003 wer yn gebr?k nommen is. De jildmiddels d?rfoar binne byinoar brocht troch jeften, kollekten, ferkeap fan handoeken mei de Beintumer tsjerke derop, cd's mei muzyk en sjongen fan koaren ?t 'e omkriten, pinnen en wyn? Boppedat is der in feiling h?lden fan keunstwurken en fansels wienen der bydragen fan ferskillende ynst?nsjes en bedriuwen.

De auteur Klaas Visbeek, 1952, is in regelmjittige foargonger yn de tsjinsten fan de Fryske Oekumenyske Wurkferbannen. Hy hat belutsten west by de oprjochting fan de Wurkferbannen te Hegebeintum, Hantumhuzen en Earnew?ld.

Likern?ch 20 jier hat er dosint godstsjinst en Frysk west te Dokkum en Ljouwert oan benammen it HAVO en VWO. D?rnjonken hat er 11 jier Minniste d?mny west te Surh?sterfean.

S?nt 1998 eksploitearret er as rekreaasje-?ndernimmer in boarterspark en in amusemintspark en preket likegoed sneins yn in ferskaat oan tsjerken.

It boek "De Fiif Fryske Oekumenyske Wurkferbannen Yn Frysl?n" is te krijen by boekhannel Wever van Wijnen te Frentsjer.


De Leeuwarder Courant skriuwt it folgjende oer it ferskynen fan it boek fan Ds. Klaas Visbeek.


Succes Wurkferb?n door 'Hear, lear en sfear'

De oudste in Herbayum is dertig jaar, de jongste in Itens twee dagen. Wurkferbannen met oecumenische en Friestalige diensten doen het goed en redden kerkgebouwen voor de eredienst. Klaas Visbeek deed er onderzoek naar.

Door Wiebe van der Hout

Hoewel het Fries voor 87 procent van de bezoekers belangrijk tot zeer belangrijk is, scoort de oecumenische opzet nog enkele procenten hoger bij de keuze diensten van de vijf (sinds zondag zes) Fryske Oekumenyske Wurkferbannen te bezoeken. Volgens onderzoeker Klaas Visbeek uit Zwaagwesteinde, recreatieondernemer en doopsgezind emerituspredikant, zorgt de combinatie 'Hear, lear en sfear' voor het succes van de diensten in Hjelbeam, Hegebeintum, Hantumhuzen, Sleat, Earnew?ld en Itens.

In samenwerking met de Fryske Akademy enqu?teerde Visbeek Wurkferb?n-kerkgangers. Hun leeftijd ligt met gemiddeld 62,5 jaar behoorlijk hoog. Geen wonder want 72 procent van hen gaat geregeld ter kerke in de gemeente waar zij officieel lid van zijn. En geregelde kerkgangers vergrijzen.

Slechts 21 procent van de bezoekers komt alleen in de oecumenische Friestalige diensten. Opmerkelijk is dat 4 procent helemaal geen kerklid is en nog eens 4 procent aangeeft zelfs niet-gelovig te zijn. Bijna de helft van de ge?nqu?teerden komt bij elke Wurkferb?n-viering, meestal ??n keer in de maand, in Herbayum - de oudste - twee keer per maand.

Bij de open vraag over de drijfveer om naar een Wurkferb?n te gaan, komt slechts 9 procent met louter de Friese taal. Het hoogst scoort de combinatie van Frysk met oecumene (23 procent), onmiddellijk gevolgd door de gemeenschapssfeer (21 procent) en de veelvormigheid van geloven (20 procent). "It iene elemint jaget it oare", concludeert Visbeek dan ook. "De Fryske taal is gjin doel, mar inkeld in middel."

De werkverbanden zijn stichtingen zonder leden. Klaas Visbeek noemt dat een zegen. "It set gjin skeel by de ?lde tsjerken dat se leden kwyt reitsje; krektoarsom fersterket it it tsjerkegean earder." In alle gevallen is bovendien ??n van de ledenambtelijk verbonden met een kerkgemeenschap: meest met de Protestantse Kerk, in ??n geval met de Doopsgezinde Broederschap.

Met het Wurkferb?n-model is de kerkgang nieuw leven ingeblazen in plaatsen waar die danig ingezakt was. Daarom zet Visbeek zijn oecumenisch-Friese variant in zijn studie ook naast kerkvernieuwingmodellen van Jan Hendriks (de kerk als herberg) en het rondetafelmodel van de Groninger hoogleraar Gijs Dingemans.

De drie modellen voor kerk-zijn in de 21ste eeuw overlappen elkaar deels, constateert Visbeek. "Alle trije wurkje ?t de basis wei, steane iepen foar ferskaat en sykje nei yn relaasje fan gemeente-w?zen mei de hjoeddeiske maatskippij." Dingemans en Hendriks gooien volgens de onderzoeker uit Zwaagwesteinde echter waardevolle elementen uit de traditionele kerk overboord.

De oecumenische Friese verbanden zijn volslagen autonoom, maar hebben ??n keer per jaar overleg met elkaar. Zo zijn er plannen om gezamenlijk een internetsite te beginnen. Voordeel is ook dat een werkverband een goedkope kerkgemeenschap vormt. Het gebouw, meestal van de Alde Fryske Tsjerken, wordt alleen gehuurd als het nodig is. Voorgangers en organisten worden per keer vastgelegd.

In enkele gevallen - Earnew?ld, Itens - wordt het houden van Friese diensten gecombineerd met studiebijeenkomsten en leerhuizen. Itens, de nieuwste loot aan de Friese oecumene, wil voorts doen aan liturgievernieuwing. "Al mei al binne de Fryske Oekumenyske Wurkferbannen in legitime foarm fan gemeente fan Kristus-w?zen", stelt Visbeek, die geregeld voorgaat in de oecumenische diensten.


Beliedsplan Frysk Oekumenysk Wurkferb?n Hegebeintum


  1. Fermelding fan it doel en de wurksumheden fan de stifting 

-       De gr?nslach fan de stifting is: in gearwurking fan minsken dy't Jezus as de Hear belide (Romeinen 10:9).

-       De stifting hat ta doel om geregeld earetsjinsten yn de Fryske taal yn de tsjerke fan Hegebeintum te h?lden.

-       De stifting stribbet har doel nei troch it organisearjen en h?lden fan niisneamde earetsjinsten.

 

  1. Fermelding fan de manieren dy?t de stifting br?ke wol om jild yn te sammeljen

-       De jildmiddels fan de stifting besteane ?t: de opbringsten fan de kollekten yn de earetsjinsten, jeften, erfstellings, legaten, rinten en alle oare baten.


  1. It behear fan it fermogen fan de ynstelling

-       De stifting stribbet nei de foarming fan in reedlik eigen fermogen om de kontinu?teit fan har wurksumheden te waarboargjen, ek yn jierren fan tydlike finansjele tekoarten. Yn berie nimme wy by de hichte fan de mooglike finansjele buffer:

1. de hichte fan ynkomsten en ?tjeften fan it Wurkferb?n

2. gefoelichheid foar mooglik tebekrinnende ynkomsten (?fhinklikheid fan  grutte finansjele stipers, opbringst fan kollektes ensfh.)

3. gefoelichheid foar mooglik stigende kosten (wat wurdt betelle oan dominys, kosters, oargelisten, tsjerke ensfh. Is dat reedlik, of dogge se it hast om 'e nocht)

-       Tydlik oerstallige likide middels wurde oermakke nei in sparrekken.

 

  1. Besteging fan it eigen fermogen fan de ynstelling

-       Salang't it nedich achte bufferfermogen  net berikt is, wurdt stribbe nei in oerskot op de jierrekken.

-       Dy oerskotten wurde op in sparrekken set.

-       De rinte fan dy sparrekken kin br?kt wurde ta finansiering fan de wurksumheden fan de stifting.

-       As it eigen fermogen en/of de ynkomsten fan de stifting sadanich heech binne, dat fierdere opbou net nedich achte wurdt, beriedt it bestjoer har op de folgjende mooglikheden:

      1. ?twreiding fan de wurksumheden.

2. it stypjen (of oprjochtsjen?) fan oare wurkferbannen en/of oare algemien nut  be?agjende ynstellings (benammen tsjerklike?).

?tjeften:

-       It bestjoer kryt foar harren wurk foar de Stifting F.O.W.H. gjin jildelike fergoeding. De makke (administrative/reis) kosten wurde betelle troch de Stifting F.O.W.H.

-       It lean foar de dominys is yn oerienstimming mei artikel 20-2 fan ?de generale regeling voor de predikantstraktementen (GRPT)? dy at jierliks fest steld wurde troch de ?Beleidscommissie Predikanten, Utrecht?.

-       De hier fan de tsjerke wurd jierliks betelle oan de ?Stichting foar rekreaasje en toerisme yn de gemeente Ferwerderadiel?.

-       De oargelist kryt foar elke tsjinst in fergoeding dy at elk jier yn oerlis opnei feststeld wurd.


Welcome