Frysk Oekumenysk Wurkferban Hegebeintum

Subtitle

Beintumer Bân 2020

      Beintumer Bân  

                

                     

Frysk Oekumenysk Wurkferbân 

                Hegebeintum

                          2020

 

[[PASTING TABLES IS NOT SUPPORTED]]

Bank:NL47RABO03954.35.811 Webside: www.frysketsjinsten.nl

PREEKROASTER 2020 HEGEBEINTUM

                              

5 jannewaris 9.30   Fr. A. Plantinga                       Ie

sjoch fierder preekroaster 2020

              

PREEKROASTER 2020 HANTUMHUZEN

 

Oekumene bestjut ek dat wy ús ferbûn fiele mei de oare Fryske wurkferbânnen. Om ‘t we “buorgemeentes” binne is beslúten fanôf dit jier ek de tsjinsten fan it Fryks Oekumenysk Wurkferban Dongeradeel yn Hantumhuzen yn de Beintumer

Bân op te nimmen. Dé kans om in selde soart tsjerketsjinst yn in oare omjouwing by te wenjen.

 

19 jannewaris 9.30   Fr. J. Mulder-Vogelzang       Yndyk

                        m.m.f. Irene Wiersma op fioele 16 febrewaris 9.30             Dû. R. Reitsma Goutum 15 maart       9.30     Dû. M. Bakker-v. Kampen Oentsjerk                         m.m.f. Chr. Koor Juliana  Burdaard 19 april      9.30     Dû. L. Adema Mitslawier

17 maaie          9.30     Samoosara                        Himrik

                                    Jiddisch programma Mazzeltov

21 juny             9.30     Dû. T. Hiemstra                 Ljouwert

                                    Ionatsjinst mei blokfluitgroep

20 septimber 9.30       Fr. G. Kingma                     St. Jansgea

                                    Sjongtsjinst

18 oktober       9.30     Dû. B. Keizer                      Eastrum

                                    Hillich Nachtmiel

15 novimber 9.30        Ida v.d. Ploeg / Jehannes Regnerus /

                                    Baukje v.d. Meer                     

20 desimber    9.30      Mefr. A. Plantinga             Ie

           

 

Fan’e bestjoerstafel

“Wat is it dochs bysûnder yn dizze tsjerke foar te gean.

Sa’n spesjaal plakje om te preekjen.”

Wat hearre wy dit faak fan ús foargongers. Dit is wat dûmny Klaas Visbeek – as grûnlizzer fan ús wurkferbân -  yn 1997 al foar eagen hie. Troch syn ferstjerren it ôfrûne jier sille wy syn foargean by it Hillich Nachtmiel op Wite tongersdei en op âldjiersjûn misse. Wy steanne hjir fjirderop yn dizze Beintumer Bân noch by stil.

Wy hoopje dat wy mei ús Fryske tsjinsten yn de tsjerke fan Hegebeintum noch lang troch gean kinne. Finansjeel ha wy it ôfrûne jier twa moaie ynstruiers hân. Troch de slúting fan ’e tsjerke yn Wânswert hawwe hja ús mei in grut bedrach stipe. Derneist hawwe wy ek fan in trou besiker fan ús tsjinsten in oansjenlike jefte hawn. No’t it hjirtroch finansjeel wat rommer sykhellet is de kollekte ûnder de tsjinst alle kearen wer foar in goed doel en hoopje wy ek wat faker muzyk yn ’e tsjinst organisearje te kinnen. Tige tank foar alle jeften grut as lyts.

Earetsjinsten fan ús wurkferbân wurde mooglik makke troch kollekten en jeften. Hjir kinne wy net sûnder.

No ’t wy al wer in pear jier út it nije liete boek sjonge lizze de âlde boekjes op souder. As jimme sa’n âld Frysk lieteboek ha wolle, lit it ús mar witte. Dan kinne jimme dizze sa krije.

Nei in oerliz yn maaie mei it F.O.W. Dongeradiel hawwe wy besletten om net allinne by de ôfkundigingen de tsjinsten fan elkoar te fermelden, mar ek it preekroaster yn de beide tsjerkeblêden op te nimmen. Ek is der yn gearwurking mei it F.O.W.D. in nije webside opset. Dizze is te finen op www. frysketsjinsten.nl.  

Frieda Vroom is al wer 6 jier as skriuwster oan ús F.O.W. ferbûn. Hja hat oanjûn hjir mei stopje te wollen. Wy nimme op ’e jiergearkomste ôfskie fan har as bestjoerslid. As nij bestjoerslid meie wy Sipke Talsma fan Hegebeintum wolkom hjitte. Sipke nimt it skriuwerskip fan Frieda oer.

Ús jiergearkomste sil plakfine op 25 maart 2020 yn it besikerssintrum fan Hegebeintum. Sprekker fan dizze jûn is dhr. J.C. Terluin fan de Fryske Rie foar Heraldyk. Terluin sil ús útlis jaan fan de sa moai restaurearre roubuorden.

Wy as bestjoer hoopje jimme te moetsjen by de fierings yn it prachtige tsjerkje fan Hegebeintum.

                                                                                                     

Willy Feenstra

  

Skepen nei syn byld leauwe mei it folle ferstân

 

As legere skoallejonkje koe ik der mei myn ferstân net by as master fertelde oer Jona yn de walfisk. Wat letter hearde ik in fisker sizzen: “As der yn de bibel stien hie dat Jona trochslokt is troch in hearring of in platfisk dan soe ik it ek leauwe.”  

Moast ik it ferstân dan op nul sette? Ja, foar leauwe moast it ferstân op nul, waard my foarholden. Ik besocht it, mar it slagge net.

Jierren letter hearde ik yn in preek fan in dûmny fan kwizekwânsje: “Wat nu niet kan, kon vroeger ook niet.” Dy útspraak wie ferhelderjend. Underwilens hie ik ek begrepen dat bibelskriuwers graach gebrûk makken fan metafoaren en oare middels om harren boadskip te ûnderstreekjen. Dan waard in moai ferhaaltsje net fan in lyts leagentsje skeind sa as myn wize beppe plichte te sizzen. 

Ik frege my dan ek ôf: Is leauwe mei it folle ferstân net earder in útdaging as leauwe mei it ferstân op nul? Leit it net yn de rede dat wy ynstee fan blynseach de eagen iepen hâlde as wy leauwe? 

Meister Eckhart, in mystikus út de Midsieuwen, skewielt ús dêrby as er skriuwt: “Oer God wol ik swije.” Wy moatte de Ivige, de Unbeneambere net sels definiearje wolle en it eigen godsbyld tichttimmerje en as ûnoantaastber beskôgje.

As wy God oanroppe yn gebed en liet of yn rituelen en sakraminten sa as de doop en it Hillich Nachtmiel, en Him mannich eigenskippen tadichtsje en nammen jouwe dan is dat in helpmiddel. Yn de kultus wolle wy God earje en dat kin no ienkear net sûnder de Ivige eigenskippen ta te dichtsjen sa as dy fan Leafde, ljocht en wiisheid. Yn gebed en lieten is God in God fan treast en bemoediging om noch in pear fan dy eigenskippen te neamen. Nochris: dan giet it om ferearing yn kultustaal.

 

Elk hat syn eigen godsbyld. Safolle minsken safolle Godsbylden. En wa soe dan gelyk hawwe? Dêrom dogge wy der goed oan hoeden mei it wurd God om te gean. Men heart en lêst langer oantsjuttings as de Ivige en de Unbeneambere sa’t jim al murken hawwe. 

God ferbine mei ivichheid wol my wol oan. Wy minsken binne fergonklik dus tydlik. Tiid is de fergonklike ferskiningsfoarm fan ivichheid. Gods ivichheid hat him yn ús tydlikheid útdrukt. Dan binne wy minsken dus de fergonklike ferskiningsfoarm fan God dy’t ivich is. Sa binne wy skepen nei syn byld. En glide wy by de berte de Ivichheid út en by de dea der yn werom. In treastrike gedachte, want yn it gebed en yn ús leauwe meie wy De Ivige in Heit neame dy’t ús leafhat. Dy’t ús yn it ljocht fan it libben set en de earmen om ús hinne slacht as wy yn syn Ivichheid weromglide.

 

Dat dy ûnwerliedbere emoasje ús jûn wêze mei ús mei Him ferbûn én fan Him sjoen te fielen. Emoasje ja, want it gefoel wyt mear as dat it ferstân betinke kin. Leauwe mei it folle ferstân is dus úteinlik emoasje.

 

Ta beslút fan dizze bijdrage oan dizze Beintumer Bân in fers út myn nijste bondel “Ferbûn en sjoen - mimeringen oer myn leauwe en libben”.  

 

Skepen nei syn byld

 

Hoe kin ik as minske ûntstien út in aai- en siesel  lykwols in skepsel fan God wêze?

 

By de berte glide wy de ivichheid út; by de dea der wer yn werom.

Lit ús Ivichheid godlik neame en tiid in fergonklike útdrukking fan ivichheid.

En de minske in flechtige en fergonklike útdrukking fan tiid. 

Sa binne wy lykbyldich oan elkoar nei it byld fan God dy’t him yn dysels en dyn meiminske lykbyldich útdrukt. It godlike fermannichfâldiget him sa skeppenderwize.

   

Ald-testamintyske bibelferhalen hawwe in ferbûn kreëarre tusken God en minske.

Yn it Nije Testamint hat Jezus it godlik ivichheidsprinsipe fold mei de ynspirearjende krêften fan Leafde en Wiisheid en Ljocht.

Dy hjirmei ferbûn en hjirfan sjoen fiele is in emoasje dy’t ynspirearret ta in wollen.

Dat is in kar foar de God fan it ferbûn én de wei fan Jezus. 

 

Willem Abma  dichter/theolooch

Yn memoriam            Klaas Visbeek 

*26-06-1952 † 19-06-2019

Op moandei 24 juny is yn in folle Sint Maartentsjerke te Hallum ôfskied nommen fan dû. Klaas Visbeek.

In warbere dûmny en ûndernimmer mei in oekumenysk hert, stie der yn it Friesch deibled.

Hy wie al in jier siik en hope op betterskip, dat mocht net it gefal wêze. Visbeek naam op snein 7 oktober 2018 ôfskied fan syn gemeente yn de Westereen en doe like alles goed te wêzen, mar dêrnei die it oars bliken. 

Foar in pear tsjinsten moasten wy in oare foargonger sykje.

 

Hy wie tige belutsen by de oekumenyske Wurkferbannen foaral by it FOW fan Hegebeintum wêr’t er meastentiids op Wite Tongersdei en Aldjiersjûn foargong. 

Wy sille him tige misse want troch syn skreppen hat de oekume wol namme krige. 

Doe’t Visbeek foarsitter fan it YKFE wie, joech er de oanset ta it meitsjen fan in Fryske útjefte fan it Evangeelje fan Mattéus yn omgongstaal, dat by de Passion yn Ljouwert ferparte waard. Hy sette him yn foar in nije oersetting fan de Bibel en rjochte de Stifting Fryske Bibel foar de ienentweintichste ieu op. 

Hy wie de lêste jierren ek foarsitter fan it FFF, Ferbân fan Fryske Foargongers om op dy wize it Frysk yn ‘e tsjerke mear yngong fine te litten. 

 

Yn de Beintumer Bân fan 2018 skriuwt hy by it 20 jier Frysk Oekumenysk Wurkferbân Hegebeintum dat it opsetten fan it wurkferbân goed útpakt is. It útgongspunt is dat men yn de oekumene mekoar de romte jout. It giet by de wurkferbannen om de kombinaasje fan oekumene, de mienskipssin en it Frysk. Hy beslút syn skriuwen mei de wurden: ik leau, dat wy yn Hegebeintum in finster iepenset hawwe foar Gods Geast fan ienheid. En sa lang as de doar iepen bliuwt, komme der minsken foar de Iene, foar mekoar en foar ússels. Sa leaude hy dat de doarren fan de tsjerke iepen moasten en dat der nije wegen foar nedich wiene. Hy die dat op syn eigen freonlike wize en mei de nedige humor. 

 

Wy winskje syn frou AkkeRiek en de bern sterkte ta no’t sy fierder moatte sûnder har man en harren heit. Wy binne tankber dat wy him kent hawwe en sille besykje syn entúsiasme foar de oekumene fierder út te dragen.

 

Ellert Jongstra 

 

Fan de ponghâlder

 

Koll. FOW  Hegebeintum fan 01/12/2018 oant 30/11/2019

Desimber                                                                         € 100,00

Krystnacht                                                                     € 235,00  

Aldjiersjûn                                                                     € 175,00

Jannewaris                                                                         € 100,00

Febrewaris                                                                          €   60,00

Maart                                                                             € 157,00

April                                                                                  € 103,30     

Wite Tongersdei                                                            €   90,00

Maaie                                                                             € 150,00

Juny      € 124,00 July      €   88,00 Augustus     € 127,00 Septimber     €   60,00

Oktober                                                                               € 114,00

Novimber                                                                            € 109,00

 

Jeften Goeie Doelen fan 01/12/2018 oant 30/11/2019


Stipers fan 01/12/2018 oant 30/11/2019

Us stipers hawwe dit jier € 12.737 skonken. Tige tank hjirfoar!

'Hendrick de Keyser' en de Harstastate

 
 

 De âlde Harsta State foar de ferbouwing fan 1843 (tekening fan Jacobus Stellingwerff út 1722, kolleksje Frysk Museum)

 

De Harsta State is mei syn oprydleane, beammesingels, greft, eardere pachtpleats, paden, sleatten, hôf en lânskiplike tún in kultuerlânskip fan ieuwen âld. De skiednis fan de lytse, yn it grien ferskûle, state is nau ferbûn mei it doarp Hegebeintum en de tsjerke. Begjin 2019 is it hûs, mei de tún dêromhinne en it âlde stek op 'e brêge, eigendom wurden fan de Vereniging Hendrick de Keyser. Dizze ferieniging dy't gjin doel hat winst te meitsjen, oprjochte yn 1918, set har yn foar it behâld fan histoaryske huzen en ynterieurs en makket no, op basis fan histoarysk ûndersyk, plannen foar it leechsteande hûs en de bysûndere stinzenflora.

Ferieniging Hendrick de Keyser stiet no foar de opjefte it hûs en de tún wer in goede takomst te jaan. De state hat te lijen ûnder efterstallich ûnderhâld, lekaasje, breklik pleisterwurk en houtrot, ek foarsjenningen as elektra en ferwaarming binne ferâldere.

Restauraasjeplannen binne yn 'e maak en wurde útwurke yn gearwurking mei architekt Meine Gerbenzon dy't ek belutsen wie by de restauraasje fan it Huis Van Eysinga te Ljouwert. Yn de fyzje fan opdrachtjouwer Hendrick de Keyser sil de perioade om 1860 hinne, doe't de state syn hjoeddeiske foarm krige, as foarbyld tsjinje moatte. De restauraasje sil ôfhâldich, konservearjend en kostenbewust útfierd wurde, mei behâld fan in oantal tafoegingen fan letter tiid. It hûs wurdt geskikt makke foar in wen-en ûntfangstfunksje, dêrby wol de ferieniging it pân en de tún faker, mar op weromhâldende wize, iepenstelle foar it publyk. Men tinkt hjirby oan in museaal en represintatyf gebrûk fan de histoaryske rûmten en in wenning yn de moderne oanbou en op de ferdjipping. De monumintenfergunning foar de restauraasje en it renovaasjewurk is wylst ferliend, subsydzjeoanfragen en it winnen fan fûnsen sil yn 'e hjerst en winter plakfine. 

Nei it hooplik mei súkses winnen fan fûnsen sil it wurk yn 'e maitiid fan 2020 oanbestege wurde. Nei alle gedachten kin de útfiering yn de twadde helte fan 2020 úteinsette. 

 

Dêrneist wurde ek plannen makke foar de stinzenflora tún. Dizze is kwetsber en sawol bouwurksumheden as ferkeard ûnderhâld kinne skea oanbringe. Om dizze reden wurdt de kommende tiid ôfhâldend oan behear dien, it histoarysk ûndersyk nei de tún fierder útwurke en in tún ynoarderbringen-en behearplan opsteld.

Niek Smit, architektuerhistoarikus Vereniging Hendrick de Keyser/ Fryske oersetting Rommert Tjeerdsma

It folsleine artikel is te lêzen op ús nije webside www.frysketsjinsten.nl.

 


Harsta State, maitiid 2019 ( foto Arjan Bronkhorst)

 

De tsjinsten wurde mooglik makke troch kollekten en jeften.

Wolle jo ek stypje dan kin dit op NL47RABO03954.35.811.

 

Jo kinne ús fine op www.frysketsjinsten.nl foar aktuele ynformaasje oer ús earetsjinsten.

 

De tsjerke fan Hegebeintum kinne jo sjen op www.protestantsecultuurschatten.nl.

 

Frysk Oekumenysk Wurkferbân Hegebeintum