Frysk Oekumenysk Wurkferban Hegebeintum

Eltse earste snein fan de moanne yn de tsjerke fan Hegebeintum

Ferslach fan Anny Postma, dat makke is foar ús 10-jierrich jubileum

Ferslach fan Anny Postma, dat makke is foar ús 10-jierrich jubileum

 

De measten fan jim sitte nei de tsjerketsjinst meskien net te wachtsjen op noch in preek fan my, mar it bestjoer fûn dat de foarsitter dochs eefkes in wurdsje sizze moast. En dat “eefkes” fyn ik net maklik. Want lêzend yn jierferslaggen en Beintumer Bannen kaam ik in protte foarby dat it neamen wurdich is.

Yn fûgelflecht gean ik oer en troch de ôfrûne 10 jier. Hjir en der stryk ik eefkes del en pik der wat wei, sa’t fûgels dogge.

Yn’t earste plak binne wy as bestjoer bliid en tankber dat it goed giet yn it tsjerkje op’e terp, wy fiele ús by inoar thús.

Ds. Klaas Visbeek skreau yn maaie 2004 oer it wunder fan Hegebeintum. De Herfoarme gemeente hjir hie noch 14 leden en in hantsje fol tsjerkegongers oer. En no is somtiden it tsjerkegebou te lyts. Hy hâld in enkête oer it geheim fan it wûnder en al foar de útslag neamde hy in trije-ienheid dy’t der de kaai foar is: “De Hear, de lear en de sfeer” mei ien fûnement: Jezus is Hear.

 

Oan de berte fan FOW Hegebeintum op 5 janewaris 1997, wie sa’n 9 moanne fan ferwachting en tarieding foarôf gien. Jacobus Knol skreau yn maaie 1997:

 

Doe’t it yn ’t begjin fan 1996 dúdlik waard, dat de Herf. Gem. fan Hegebeintum syn selsstannichheid opjaan moast, stieken in tal minsken de koppen by inoar om har te berieden op de nije situaasje. It moast dochs net kinne dat der nei ieuwen in ein kaam oan de Evangeeljeferkundiging op de heechste terp fan Fryslân.

 

Under lieding fan ds. Visbeek kamen op 11 april 1996 in tal minsken by inoar yn de tsjerke fan Hegebeintum, dêr’t dhr. W. van der Schaaf fan it Frysk Oekumenysk Wurkferbân Hjelbeam fertelde oer hoe’t it al jierrenlang by harren gie. Ien en oar late der ta op dy jûn in tariedingsgroep ûntstie fan sa’n 16 minsken út Hegebeintum en omkriten, dy’t de mooglikheden ta it kommen fan in Frysk Oekumenysk Wurkferbân Hegebeintum ûndersykje soenen. Oardel wike letter sette de groep út ein. Der waard in bestjoer keazen en in tal útgongspunten op papier set.

 

De grûnslach fan it wurkferbân is in gearwurking fan minsken dy’t Jezus as de Hear belide. De praktyk is dat leden fan ûnderskate tsjerken lid binne fan it wurkferbân: Herfoarmen, Grifformearden, Baptisten, Menisten, Roomsken ensfh., elkenien is wolkom. Elk bliuwt lid fan syn/har eigen pleatslike gemeente, mar wurket tagelyk mei om it doel fan it Wurkferbân foarm en stâl te jaan. Dat doel is: geregeld earetsjinsten yn de Fryske taal te hâlden yn de tsjerke fan Hegebeintum.

 

De earste tsjinst ha wy hâlden op 4 janewaris fan dit jier en dêrnei op elke earste snein fan de moanne. Wy binne as bern sa bliid, dat ú sopset oant no ta sa tige slagge is. Alle kearen wer sit de tsjerke hast, of sels mear as fol. En dat jout ús moed om fleurig fieder te gean.

 

It Frysk yn kombinaasje mei de Oekumene blykt foar de safolste kear in net te ûnderskatten faktor te wezen om de lju de stjerke yn te krijen. Sels minsken dy’t oars amper, of sels hielendal net mear yn tsjerke kamen, kinne it paad nei Hegebeintum fine en dêr binne wy tige tankber foar.

 

 

 

Oan’t safier in stikje út it skriuwen fan Jacobus, krap in heal jier nei de earste tsjerketsjinst. Hy wie ús skriuwer fanôf it begjin. Wy troffen it o sa mei him. It geve frysk, koart en krêftich, de mooie gedichten yn’e Beintumer Bân en as sprekker oer Elie Wiesel op in jiergearkomste.

 

Schelte van der Mey waard foarsitter, ek hy wie knipt foar syn taak. Koe goed lieding jaan, skreau treflike stikjes of haadartikels. Somtiden frjemd ûntstien, bygelyks hûsfervjend op in ljedder. Faakfilosofysk, in oare kear koartswilich oer de hieltyd werkommende spinreagen yn stjerke (by it tsjerkehimmeljen waard in opmerking makke dat it skjinmeitsjen fan in Kristlike tsjerke, in heidensk kerwei is). Schelte en Jacobus spilen ek in wichtige rol by de oargel restauraasje.

 

Lieuwe Vroom waard en is noch hieltyd ponghâlder en we hawwe in bêsten oan him. Oer’t algehiel buorkje wy goed, tinkt my, mar Lieuwe is hoeden en dat is mar goed ek. Yn syn finansjeel ferslach fan 1998 stiet:

It besikerstal is nei it earste jier frij fêst, de kollekten binne goed betocht, mar it tal jeften naam mei 37,5% of. It aldernijste is der of soene je sizze kinne.

Yn it lêste ferslach stiet:

Krekt droeg oer de sleat. Thema- of oare bysûndere tsjinsten kostje mear jild, de opbringsten yn sa’n tsjinst binne net tarikkend.

 

Germ koldyk en ik waarden sa’t dat hiet gewoan bestjoerslid. Germ hie ferskate petten op. Hy wie en is meiwurker yn it besikersintrum en sadwaande in wichtige skakel. Ek wie hy sa no en dan ús foargonger fanút de Menistengemeenten en boppedat soarge hy dat ljocht en lûd yn oarder kamen mei help van Willem van der Berg. Fan 2001 oan’t ferline jier wie hy ús foarsitter. In tûzenpoat, in belutsen bestjoerder.

 

Ik soarge foar de omballingen dy’t ek barre moatte en frege elts jier foargongers om hjir te “preekjen”, sa’t wy dat sizze. De measten wolle graach komme. Sunt ferline jier haw ik it stokje fan Germ oernaam.

 

Gryt Sterk woe wol kosterje, mei help fan Dick Visser út Hegebeintum. Al gau kaam it allinnich op har del en Dries Postma sprong geregeld by. Sûnt in skoftsje is hy offisjeel helpkoster. Ek de lytse kosters Sjouke en Froukje Vroom helpe nei de tsjinst mei om lieteboeken by inoar te sammeljen en kearsen út te blazen. Wy binne bliid dat Gryt al sa lang as koster wurket, as gastfrou, der is faak folle mear te dwaan dan dat wy sjogge.

 

Dan Auke Wiersma ús oargelist. Wat moasten wy sûnder him. De earste jierren wie it wrakseljen mei de toetsen, mar sûnt de restauraasje is it foar him gâns nofliker wurden. Hy soarget foar musikanten mei kryst en regelt dat Rigt Wiersma komt as hy perfoarst net kin. En Rigt hat by myn witten altyd spile as dat nedich wie.

 

Nei’t earst in pear bestjoersleden kloklet ha, kaam ridlik gau Cees Praamstra om it oer te nimmen. Je matte der slach fan ha en dat hie Cees. Foar alle tsjinsten is Cees present en liet de klok.

 

Yn 1996, nei in protte gearkomsten en tûkelteamen oer wol of net amtlik ferbûn wurde oan’e tsjerke fan Ferwert of Blije, waard it lang om let Blije en Syb Schukking, al jierrenlang âlderling, joech oan dat hy noch wol twa jier by ús bliuwe woe. Dat waard hiel wat langer. Pas yn 2005 naam hy ôfskie troch syn ôfnimmende sûnens en dy fan syn frou, dy’t ferline jier spitich genôch ferstoan is. Wy binne tankber dat hy him salang ynset hat. Tetsje Vellema hat syn taak oernaam, ek sy is âld-Beintumer. De tsjerke is foar har in fertrouwd plak.

 

It entûsjasme fan it begjin is der noch altyd. Ik waard wer fleurich fan alle goeds dat ik lies, ek wat mismoedich, want der wie fierstentefolle wat ik graach oanhelje woe.

Ik wol jim oanriede om nochris yn’e Beintumer Bannen te lezen, bygelyks de saneamde haadartikels mei opskriften as: “De herberch fan Hegebeintum”, “In nij begjin”, “De tsjerke in teken fan libben” en “De Beinumer Bân bynt”. En net te ferjitten de prachtige gedichten fan Jelly Keekstra en Jacobus Knol. We soene sen o sa wer yn’e Beintumer Bân sette kinne.

 

Wisten jim dat wy de name “Beintumer Bân” te tankjen ha oan Bertus Postma, dy’t him yn it begjin ek tige ynsette en ús stipe hat?

 

En ha jim ek yn’e Ljouter krante sjoen dat wy de lêste moannen “Frysk Oekumenysk Wurferbân op’e Terp hjitte?

 

De earste namme, “Oekumenysk Wurkferbân foar fuortsetting fan tsjinsten yn’e tsjerke fan Hegebeintum”, wie ryklik lang. En lykas dat faak mei lange nammen giet, waard it in gâns koartere ropnamme: FOW Hegebeintum.

 

Yn advint- en 40 dagentiid, op Heechtiidsdagen lykas kryst, peaske, pinkster, as dy op’e earste snein fan’e moanne falle, ferrykje Leny en Douwe van der Velde ús tsjinsten mei in liturgyske skikking. Dat wurdt tige op priis stelt, ik soe wol sizze, troch elkenien.

 

Sûnt 1999 hâlde wy mei ds. Visbeek as foargonger, it nachtmiel op wite tongersdei, in weardich hichtepunt yn it jier. En sûnt 4 jier fiere wy de berte fan Kristus op de jûn foar Kryst, ds. Bilker joech der de oanset ta. Foar de lêstlyne krystnachttsjinst skreau ds. Tjallingii in liet dat wy songen ha.

 

Noch inkelde bûtengewoane tsjinsten wol ik neame: de iepenlofttsjinst, twa dooptsjinsten, in troutsjinst en de thematsjinst “Minsken fan’e dei”. Bysûndereb tsjinsten, stik foar stik.

 

Fan 1999 ôf, hawwe wy ienris yn’t jier in gearkomste, dy’t foar elts iepenstiet, mei in sprekker. Op 19 april o.s. sil dat âld Ferwerter Johannes van Dijk wêze.

 

En dan de aksje foar restauraasje fan it oargel. Yn 1996 waard sein:

“It oargel wurdt ien kear yn’e trije jier neisjoen. In folsleine restauraasje is te djoer”.

Mar sjoch….. troch de ynset fan hiel folle belutsen minsken út Beintum, âld Beintumers, út it brede wurkferbân, it besikerssintrum, âlde fryske tsjerken ensfh., dy’t alderhanne aksjes op tou setten, koe Schelte yn novimber 2003 skriuwe:

“It nije oargel spilet, it spilet geweldich, it spilet prachtig en bylket as nij”.

 

As ik goed telt ha, hawwe wy hjoed de 144e tsjinst hawn en stiene der 56 ferskillende foargongers út 5 tsjerkerjochtings op’e preekstoel. Ds. Beintema wie hjir ek al yn it earste jier, op 2 novimber. Ek doe hiene wy kofjedrinken nei.

Spitich genôch binne ds. Ype Schaaf en ds. Marten de Boer ferstoan, sy kamen hjir al foardat it wurkferbân begoun. En ds. Brandsma, ús ienige Baptiste foargonger moast troch ôfnimmende sûnens ophâlde. Hy kaam hjir fan it begjin ôf graach en wy misse him.

 

De opkomst, yn’t begjin leau ik 48. mar al hiel gau oprinnend is tige goed, ek yn fergelyk mei de 5 oare wurkferbannen der’t wy ienris yn’t jier in gearkomste mei ha, om ien en oar út te wikseljen.

 

Oan é ein fan dit dochs wat te lange ferhaal wol ik noch wat nammen neame. Nammen neame is altyd noedlik om’t je somtiden dochs noch minsken ferjitte. Nim dan fan my oan dat dit net mei opsetsin bart is.

 

Durk Visser, de famyljes van der Weg en Schukking. Aktive minsken al fan foar de berte fan it wurkferbân. Ysbrand van Sloten en oare helpen fan it besikerssintrum, der is al faak in berop dien op harren ynset, ek no wer.

Ik beneam ek de stipe fan minsken út it brede wurkferbân en oare helten fan de bestjoersleden, dy’t faak harren bydrage leverje, bygelyks de oargelaksje. En alle trouwe kommers, wy kinne net sunder inoar.

 

Syt en Theo dy’t al wer sûnt 2003 meidraaie en hoe! Yn Syt ha wy in treflik skriuwster foun. Foaral run it ferkinen fan’e Beintumer Bân hat sy in protte te dwaan. Wy dogged an ek meastentiids noch in berop op Jacobus, jo witte wol, dy fan it geve frysk, foar de superfyzje. Theo hat yn 2005 in side op ynternet iepene. Dy sjocht der tige fersoarge út, in oanrieder om dy ris op te sykjen

 

Rommert Tjeerdsma is yn 2006 yn it bestjoer kommen. Hy is hjir mei Jelly as earste trout, binnen it wurkferbân. Sa wie dochter Mare fan Theo en Marjolein de earste dopeling. Rommert sil foar takommend jier de preekbeurten regelje. Meiinoar dogge wy ús best. Wy misse somtiden de âlde begjinners mei harren ynbring en wysheid. Mar lokkich binne hja net út sicht. We moetsje inoar like goed wol, boppe op’e terp, yn it smûke tsjerkje as bern fan ien himelske Heit/Mem. Wy hoopje en fertrouwe op noch folle mear goede, goedbesochte tsjinsten.

 

Mei ds. Visbeek siz ik: “As de grutte Baas it wol, giet it wol troch”

 

Anny Postma, foarsitter

Welcome