Maitiidsoffensyf Frije Fryske Grûn

Maitiidsoffensyf Frije Fryske Grûn – Status Aparte foar Fryslân
Jongerein fan in nasjonale minderheid ferieniget him!

Wy, de jongerein fan Fryslân, hawwe skjin ús nocht fan politisy dy't net foar ús opkomme. De Fryske mienskip ûnderskiedet him as taalminderheid en as nasjonale minderheid mei 2000 jier skiednis fan de rest fan Nederlân. De Friezen binne it âldste folk fan alle hjoeddeiske Europeeske folken noardlik fan de Alpen. Yn de skiednis fan de Friezen is de taal in binende faktor en troch de ieuwen hinne noch hieltyd eigen. It Nederlânsk wurdt troch de Dútsers faak sjoen as in Dútsk dialekt. Sjoen nei de taalskiednis fan de lêste 400 jier net hielendal ûnterjochte. At sy it respekt fan ús hawwe wolle foar harren taal, moatte sy ek respekt opbringe foar ús taal en dat ek sjen litte yn politike diskusjes.  

Yn it Keninkryk fan de Nederlannen binne der trije folksgroepen; de Fryske, de Antilliaanske en de Nederlânske. Fan dy trije erkende folksgroepen wurde de Friezen op dit stuit slim tekoart dien. Wylst op de Antillen de minsken harren eigen politike takomst bepale meie en it Papiamentsk alle romte krijt (en dat stypje wy beide), kin de provinsje Fryslân wol fuort en hieltyd wer docht bliken dat de status fan it Frysk by de politisy net bekend is. Fryslân 2000 jier en net iensen in stik bôle? Tiid foar in offensyf!

In status aparte foar Fryslân soe op basis fan lykweardigens fan in autochtoane minderheid in rjocht wêze moatte. Boppe de sneldyk A32 hawwe wy in doek delhongen mei de tekst 'STATUS APARTE FOAR FRYSLÂN IS IN RJOCHT! ' Om politisy dy't Fryslân opheffe wolle better paadwiis te meitsjen ha wy by de sekte fan Sonja de Vries west. Sy fynt dat it Frysk in straf fan God is en dat de Friezen gjin besteansrjocht ha, fansels is der by har yn it hok wol moai plak foar politisy dy't Fryslân opheffe wolle. Dêrom ha wy oan de trochgeande dyk fan Nijehoarne in doek delhongen mei de tekst 'POLITISY FOAR FRYSLÂN GJIN TIID? GEAN MAR NEI SONJA OM RIED!' Sonja stjoerde noch wol har ingeltsjes mei sykljochten op ús ôf. Lykwols nei in fotosesje mei it doek foar de doar stelden wy har dochs teloar.

Nei de ynfojûn fan 17 maaie yn Wymbritseradiel oer de nammejouwing fan de nij te foarmjen fúzjegemeente yn de súdwesthoeke wurde wer bysûndere saken fêststeld. Nammejouwing soe net libje by de minsken en politisy miene de namme Snits, of noch de helte slimmer 'Sneek', trochsette te kinnen. Wy kamen earder al mei Wimertslân, in namme dy't sprekt foar it hiele gebiet. It Wetterke Wimerts rûn eartiids fan it kleaster fan Starum nei Warkum en leit no foar in part yn de Iselmar. Ek rint it fan Boalsert earst oan Drylts en letter oan Wâldsein ta, opdield yn de Wide en Nauwe Wimerts. Om sjen te litten dat de nammejouwing wol fan belang is ha wy boppe de sneldyk A7 by de Prinses Margriettunnel in doek delhongen mei de tekst 'WOLKOM YN WIMERTSLAN!'

Wymbritseradiel mei syn plaknammen en de súdwesthoeke mei syn nije gemeentenamme hâlde wy noch goed yn 'e gaten, mar wy wolle ek nei oare gemeenten ta. Yn Skasterlân mei de diskusje oer plaknammen no ek begjinne, en dêrby hawwe wy alfêst in earste oanset jûn troch de Nederlânske nammen op de plaknamboerden oer te plakken. De ynfiering fan Fryske plaknammen hoecht wat de boerden oanbelanget gjin ekstra jild te kostjen as dy gewoan ferfongen wurde op it momint dat de boerden fernijd wurde moatte. Op offisjele dokuminten en korrespondinsje kinne de plaknammen no al yn it Frysk, sûnder dat soks jild kostet. Der is dan ek gjin reden om tsjin it ynfieren fan Fryske plaknammen te wêzen.

Wetten, regeljouwing en belied foar it Frysk binne allegear moai, en de polityk hat dêrtroch ek in skjin gewisse, mar allinnich de taal prate meie (!) is net genôch. As minsken yn offisjele funksjes noch net iensen witte wat de status fan it Frysk is, bliuwt de jierrenlange striid fan alle Fryske bewegers om 'e nocht, en hat de polityk besteande wetten en regeljouwing gewoan net ymplemintearre. It folk hat it rjocht om yn opstân te kommen as in offisjele funksjonaris lykas in rjochter lakonyk de minsken Frysk prate litte wol, wylst er it sels net ferstiet en dus net bekend is mei de status fan it Frysk. Dêrom ha wy by de rjochtbank yn Ljouwert in doek delhongen 'HEAL RJOCHT = GJIN RJOCHT!'

Us maitiidsoffensyf kin sjoen wurde as it begjin fan in nije generaasje dy't net benaud is om de Fryske flagge heech te hâlden. Wy sille de media goed yn 'e gaten hâlde en gebrûk meitsje fan alle legale middelen dy't nedich binne om it rjocht fan de Friezen offensyf te ferdigenjen.

Pier Schuurstra,
Frije Fryske Grûn