De Skriuwerij fan Ate Grypstra

Bloch

Fragen, fragen

Posted by Ate Grijpstra on March 8, 2010 at 2:42 PM

Yn it ferline die ik it noait, mar blykber is der wat feroare: ik lês op it heden meardere boeken tagelyk. Sa sit ik op it stuit op kop en earen yn The Stand fan Stephen King, Brieven fan John Keats, The Day of the Triffids fan John Wyndham, Sherlock Holmes fan Arthur Conan Doyle en The Prose Edda fan Snorri Sturluson. Dêr rekkenje ik dan de twa meast resinte titels fan de Traveliers-jeugdboekesearje mar net mear by, want dy haw ik al út.

 

Justermiddei ha we de lêste jierdeibesite hân (as kado krige ik in abonnemint op Filosofie Magazine; prachtich!) en hjoed haw ik op it wurk op oranjekoeke traktearje, dus dat ‘feestgedruis’ is ek wer achter de rêch. Net hielendal trouwens, want ik ha noch in boekebon!

 

Fierders haw ik in bytsje in kreative dip. Dêr binne wol ferklearrings foar te finen. Sa soe ik der bygelyks fan bale kinne dat Heftich it net iens ta in nominaasje brocht hat. Mar earlik sein wist ik fantefoaren al dat de kompetysje wat te stevich wie. Of komt it miskyn om’t ik krekt in aardich tsjok manuskript de doar útdien ha en my ôffreegje yn hokker nij skriuwprojekt ik no myn tosken ris sette sil? Sil ik befoarbyld begjinne mei it twadde diel fan Jurre (dêr’t ik al in pear ideeën foar ha)? Of wol ik earst graach witte hoe’t diel ien falle sil by de kopij-beoardielers? Fragen, fragen. Miskyn mar simpelwei negearje en gewoan wer oan it wurk gean. Of sa.

 

Categories: None

Post a Comment

Oops!

Oops, you forgot something.

Oops!

The words you entered did not match the given text. Please try again.

Already a member? Sign In

2 Comments

Reply Ate Grijpstra
08:06 AM on March 10, 2010 
Ha Koos!
Earst mar betanke.
Ik wit yndie net oft it boekje wol mei gien is yn de beoardieling. Op himsels gjin drama, mar it hie fansels wol wer in moai stikje PR west. En foar dy 3000 eury hie ik in moaie Playstation 3 keapje kind no?
En ik nim dyn ried 'ter harte': ik bin gauris te 'opfokt'.
Mei hertlike groet,
Ate
Reply Koos
03:53 AM on March 09, 2010 
Ha dy Ate,

Earst mar lokwinske!
Tsja, dy net-nominaasje foar HFTCH is wat my oanbelanget in misser. Safolle konkurrinsje foar dy leeftydsgroep is der net, dat ik freegje my oft it boek wol hifke is? En Fierder, relaks, mei de tiid komt it ek mei de ynspiraasje wol wer goed, hast ideeën genôch!

Start a Free Blog at Webs.com