De Skriuwerij fan Ate Grypstra

Bloch

view:  full / summary

Nije webstek!

Posted by Ate Grypstra on September 6, 2011 at 3:25 PM Comments comments (2)

Tank foar alle besite en wolkom op:

http://ategrypstra.afuk.nl

Ferplichte n�»mers

Posted by Ate Grypstra on July 23, 2011 at 9:41 AM Comments comments (2)

Nijsgjirrige diskusje op Abe syn webloch. Ensafh hat gjin linkje makke, dus dan hjirre mar efkes.


Ik ha wilens al in pear fakânsjedagen achter de rêch. Der stienen en steane noch wol in pear ferplichte nûmers op it programma: noch in nustje boeken lêze, teksten ynlêze yn de lûdstudio, it meilêzen fan in wichtich manuskript dat om Sinteklaas hinne útkomme sil... fan dy dingen.


Mar oer in skoftsje earst mar ris de boel de boel litte en Ingelske kultuer opsnuve!

Wer in Blyk!

Posted by Ate Grypstra on July 1, 2011 at 9:57 AM Comments comments (2)

No, bêste famyljeleden, freonen en al dan net literêre kunde: takom oktober mar wer rjochting it tsjerkje yn Bears. Ik mei dan foar de twadde kear in Blyk fan Wurdearring yn ûntfangst nimme. Diskear net foar in gedicht, mar foar in ferhaal mei de titel 'Gjin Ferhaal'. Ik hie fansels no einlings dy 800 eury wolris opstrike wollen, mar ach: dit is ek moai en 'ferlieze' fan in top-proazaskriuwster as Lida D. is fansels net sa slim.

Flaterfiskje

Posted by Ate Grypstra on June 26, 2011 at 2:20 AM Comments comments (0)

In soad oan it flaterfiskjen west de ôfrûne wiken. It bliuwt ferbazingwekkend hoe faak je oer in skriuwfout in je eigen wurk hinne lêze kinne foardat je ’m te pakken ha. Echt net te leauwen. No ja, it mei dúdlik wêze: manuskriptkorreksje is in tige tiidrôvjende saak.


Earjuster mei myn dochterke nei de byb west. Neist de ferplichte lêskost fan de ôfrûne moannen haw ik in pear Ingelske jeugdboeken meinommen. Bliuwt in bytsje myn sjenre, no? Sa moat ik my oer in skoftsje ek mar ris efkes ferdjipje yn de 'Hongerspelen', 'Gone' en 'Grijze Jager'-rigen.


Op fizueel mêd kin ik noch melde dat ik hast alle seizoenen fan 'Fringe' delladen ha. 'The X-files' yn in nij jaske, sis mar. Tige spannend en goed makke.


Lêste nijtsje: ik tink dat der nei de fakânsje in nije webside komt foar wat betreft myn skriuwerij. Hâld de boel hjir mar yn de gaten. Ik meitsje fansels wol in linkje. En sa't ik der no oer tink bliuwt dit stekje gewoan beskikber as argyf.

Sliepsekjes

Posted by Ate Grypstra on June 18, 2011 at 3:35 AM Comments comments (0)

Ah goeie, bêste minsken! Tiid foar in blochje, soe ús mem wol sizze. Wy binne alwer in moai ein yn juny en jo hawwe dizze moanne noch neat fan my heard. Ja, wol op FeesBoek fansels, mar ja...


Op skoalle sitte we yn de ôfrûnjende faze. De grutste drokten binne wol achter de rêch, mar we binne der fanses noch net hielendal: in nustje hereksamens, noch wat toetskes, aktiviteitendagen, rapportfergaderings, diploma-útrikking en soks. En ja, ek noch wol aardich wat lesdagen. Mar it sjit op: it simmerskoft komt yn sicht.


Nei de fakânsje steane der wer nije dingen op steapel: wurkje op ien skoalle ynstee fan twa, lesjaan yn twa fakken (Ingelsk en Frysk), in nije stúdzje en sa't it no liket noch in pear oerkes wurk by in oare wurkjouwer. Fariaasje genôch dus. Fierders tink ik dat it wol wat wurdt mei de learareband dêr't ik sûnt in pear moanne yn spylje en sjong. Wy hite S'Moon en wy binne bêst goed. Fine wysels.


En de skriuwerij? Yn septimber nei alle gedachten twa nije titels yn de boekhannels. Dus sliepsekjes mar fan de souder en barrikadearje dy winkeldoarren! Ik bin nammentlik iin ferskriklik populêre Fryske auteur. Okkerdeis haw ik bygelyks noch út eigen wurk foardroegen oan twa wyldentûsjaste bejaarden. Wat seist dêr fan, Halbe?

Still here...

Posted by Ate Grypstra on May 21, 2011 at 5:41 AM Comments comments (2)

Hmm... we binne der noch. Dat sjit ek neat op mei dy ûndergongsfoarsizzings sa. At de wrâld net fergiet, soe dan, om efkes in paralleltsje te lûken, de Fryske Taal en Kultuer ek net fergean? Soe der dan dochs noch hope wêze? Dan kin Koos T. foar itselde it skriuwersark wer oppakke. Kom op Koos T.! Tiid foar stevige grip op de guozzefear. Dû kinst it! Wy steane achter dy! Hiiiiiieeeel fier achter dy.


Eêh no ja, wy moatte mar gewoan wat fierder, fine jo net? Ik ha sels op it stuit net hiel folle yn de skriuwerskoker. Krekt aardich wat projektsjes fierhinne ôfrûne. Komt ek  wol goed út, want it is noch altyd rillik drok op gearkomste-mêd en takom wike moat it eineksamen Ingelsk neisjoen wurde. En noch in bultsje oare toetsen, dat wy ferfele ús hjir op it heden net.


Dêrneist is de tún alwer aardich oan de kant en haw ik alwer in rûntsje hurddraafd (diskear mei myn âldste soan!). No, wat bliuwt der dan noch oer? Aanst mar ris efkes lekker in boekje lêze. Of wat op de (bas)gitaar ompiele. Of der even op út.

The End is Nigh!

Posted by Ate Grypstra on May 20, 2011 at 10:59 AM Comments comments (0)

Okkerdeis skreau ik in blochje. Doe klikte ik op in ferkeard knopke... fuort blochje. Dat ha jo dus mist, want ik ha no ek gjin idee mear wat ik der presys yn setten hie.


No ja, mar no wienen we der wer even. Alles goed hjir, hear. By jo ek, mei ik hoopje?


It begjint der op te lykjen dat 2011 in goed publikaasje-jier foar my wurde sil. Deo Volente natuerlik, want hjoed hienen de learlingen op skoalle oars gjin praat as dat moarntemiddei om in oere as tolve hinne de wrâld fergean soe. Sjoch, en dan hâldt álles op fansels...



Keapje?

Posted by Ate Grypstra on May 2, 2011 at 2:22 AM Comments comments (5)

Fakânsje. Mar frou fuort. Dus fertrietlik...


Nee, hear: falt noch wol wat ta. Mar sa'n 12 dagen op ’en paad foar de sjongerij is fansels wol oan de lange kant. No ja, jo moatte der wat foar oer ha.


Ik krij de tiid wol om, hear. De berntsjes freegje it nediige omtinken. En foar de jûntiden haw ik noch bulten entertainment-guod. Sa spylje ik bygelyks op it heden de machtich moaie RPG Dragon Age. En justerjûn haw ik Pulp Fiction einlings ris sjoen. Tsja, wat moatte we derfan sizze? Dy Tarantino kin yn alle gefallen wol wat.


Nijsgjirrich stikje fan Jelma Knol op de nijste ensafh. Sa leit it hear der yndie hinne op it heden. Der hie noch wol efkes by fermeld wurde kind dat fan de lêste roman fan Tr. Riemersma mar sa'n 200 eksimplaren ferkocht binne. En dat guon oare titels de 100 net iens helje.


En dus? De guozzefearren mar delgoaie? (Noch) stranger wurde yn de manuskriptseleksje? Allinne mar garandearre best-sellers útjaan? Oare, faaks multy-mediale, foarmen sykje? Personality cults rûnom de skriuwer organisearje?


Tsja, it iene dwaan en it oare net litte, soe ik sizze. Mar ik kom earst mei de simpele konstatearring dat it grutste probleem net yn it oanbod sit (want dêr kin fan alles oan dien wurde), mar yn it skrikbarend tebekrinnen fan de fraach.


Jo wolle net mear lêze? Wêrom soe ik dan noch skriuwe?

Sil ik oars mar country sjonger wurde? Of filmmakker? Of skriptskriuwer fan fette Fryske games?


Ah, no ja. Ik sil my fannewike earst nochris goed bûge oer in manuskript dat ik noch ris goed  korrizearje sil. Wurdt grif in moai boekje. Keapje?

Publikaasjes

Posted by Ate Grypstra on March 30, 2011 at 2:13 PM Comments comments (0)

Der dûke fannewike rûnom publikaasjes fan in seker persoan op. Alderaardichst.


Hjir noch ientsje: efkes klikke.


O ja, ik haw ek noch de hope dat der dit jier op boekemêd noch wat bart. 

At dat konkreet wurdt, binne jo de earste dy't it heart, okee?

DoarpsTinker

Posted by Ate Grypstra on March 30, 2011 at 3:13 AM Comments comments (0)

Ja: it is no offisjeel. Ik ha my sels, yn neifolging fan it Ljochtsjende Foarbyld E. Hoekstra, útroppen ta doarpsfilosoof fan Bûtenpost. Sjoch hjir it berjocht dat juster yn it lokale nijsorgaan pleatst is:


AANGENAAM: DORPSDENKER

 

Alweer enige jaren geleden bombardeerde de weledelgeleerde taalkundige dr. E. Hoekstra zichzelf tot stadsfilosoof.

Nu zegt die naam u misschien niet zoveel, maar als internetpublicist en schrijver van obscure Friese boekjes heeft Eric Hoekstra de laatste jaren een zekere reputatie verworven. Dit niet zozeer vanwege zijn poëziebundeltje en zijn schelmenroman, maar voornamelijk vanwege zijn Fryske oersettings van het werk van de Duitse denker Friedrich Nietzsche.

Stadsfilosoof…

Van Leeuwarden…

Geweldig vond ik dat! Hoekstra trok zich er blijkbaar niets van aan dat hij geen universitaire studie Filosofie gedaan had (niet gehinderd door enige kennis van zaken, zogezegd). En blijkbaar deerde het hem ook in het geheel niet dat de post van stadsfilosoof in feite al sinds jaar en dag werd bekleed door drs. B. Zijlstra, de bekende stukjesschrijver die een levensvragenrubriek in de Leeuwarder Courant voor zijn rekening neemt.

Dr. Hoekstra maakte meteen werk van zijn hoge roeping door op ludieke wijze aandacht te vragen voor de Maand van de Filosofie en voor de wijsbegeerte in het algemeen. In navolging van de beroemde Griekse filosoof Diogenes ging hij een week lang in een ton wonen, om te laten zien dat een mens werkelijk niet zo heel veel nodig heeft in het leven.

Prachtig, zo’n praktische aanpak. Geen gortdroge, hersenskrakende spinsels op papier, maar BOEM een eikenhouten ton van formaat BOEM op de Nieuwstad BOEM te midden van het met verwondering geslagen winkelpubliek.

Stadsfilosoof!

Super!

En tja, u voelt ’m al aankomen: dat wilde ik ook…

Maar ik stuitte meteen op de nodige bezwaren. Daarbij woog het feit dat ik geen Filosofie had gestudeerd niet het zwaarst, want dat was voor Hoekstra immers ook geen probleem gebleken (en bovendien: ik had ooit wel eens in filosofisch boek ingekeken, dus daarmee al een voorsprong op de gemiddelde Nederlander).

Ook mijn weerstand tegen een weekje ingetond zitten op de Nieuwstad bleek niet onoverkomelijk. Immers, in Buitenpost hebben wij geen Nieuwstad, dus jammer, maar helaas.

Nee, mijn probleem lag veeleer in het feit dat je als stadsfilosoof eigenlijk toch écht wel in een stad moet wonen. En je kunt van Buitenpost veel zeggen, maar ‘stad’ zou de lading niet bepaald dekken.

Dit bracht mij echter op het lumineuze idee dat ik dan wellicht dórpsfilosoof kon worden.

Hoe word je dat? Wel, om te beginnen heb ik een abonnement op het tijdschrift Filosofie genomen. Da’s nooit verkeerd, dacht ik zo.

En verder besloot ik te wachten op een mogelijkheid om mezelf, in navolging van de Verlichte Hoekstra, of, zo u wilt, van de niet geheel van ambitie gespeende en zichzelf tot keizer kronende Napoleon en Lucebert, uit te roepen tot dorpsfilosoof van Buitenpost.

Bij deze.

Mijn eerste besluit als dorpsfilosoof is om de eretitel Dorpsfilosoof om te dopen in het sexier klinkende DorpsDenker.

Zo, genoeg gewerkt en gedacht vandaag. Rest mij alleen u nog te wijzen op het feit dat april de Maand van de Filosofie 2011 is. Met als thema Het Echte Leven. U ziet: ik kwijt mij met verve van mijn met diepzinnigheid gevulde taken.

 

Hoogachtend,

Uw DorpsDenker,

drs. A. Grijpstra

 


En

Posted by Ate Grypstra on March 27, 2011 at 2:48 PM Comments comments (0)

Ha wer ris troch de boekesamling hinne west. Risseltaat: twa grôtfolle tillevyzjedoazen rjochting de lokale Kringloop (Rûnterin?!). De seleksjekritearia wienen simpel: haw ik dit al ris lêzen? Soe ik it oait werlêze wolle? Of, foar safier't  ik it noch net lêzen hie, bin ik oait fan doel it te lêzen? Nee? Fuort mei de brot!


Fierders in soad gesellige famylje-aktiviteiten hân dit wykein. En de belestingoanjefte dien (pff) en in rûntsje hurdrûn (PFFFF). Dat lêste moast wol, want ik kaam der op Lauwerseach achter dat myn kondysje werkelik abominabel is.


No, en soms spylje ik efkes Gears of War 1 of Overlord 2. En ik bin oan in nij (filosofy)boek begûn. En oan in nij koart ferhaal.


En yn dit blochje stiet fierste faak 'en'...

Bad

Posted by Ate Grypstra on March 20, 2011 at 10:35 AM Comments comments (0)

Krekt mei in boekje yn bad sitten.

Doe yn bad yn sliep fallen....

Boekje gelokkich op tiid oan de kant lein!


Doe't ik wekker waard fan myn eigen snoarkjen, hie ik trouwens in glêshelder idee foar in ferhaal. Al tinkende hie ik sels efkes it gefoel dat it wolris in idee foar in novelle of in boek wêze koe.


En doe, stadich wekker wurdende en noch fierder tinkende, betocht ik ynienen dat ik it idee alris tsjinkaam wie yn in ôflevering fan The Twilight Zone. Sa sjogge jo mar wer: ûnbewust plagiaat leit altyd op de loer!


(Sjoch ek Douwe Draaisma syn foarbyld oer de gitarist Steve Vai yn syn Vergeetboek).

Tsjuster r?ntsje

Posted by Ate Grypstra on March 15, 2011 at 1:57 PM Comments comments (0)

Alwer in blochje? Ja, alwer in blochje. Wêrom ek net?


Fannemiddei in literêre gearsit hân. En foar moarntemiddei stiet der alwer ien op it program. Ien en al warberens dus. Op himsels moai, mar mei de dûbelde baan derby eigentlik wol wat te drok.


By thúskomst fansels fuort wer de televyzje oan om it lêste nijs út Japan te besjen. Sfearen fan eangst en ûntheistering. Of sa't in goeie bekende fan my op Feesboek skreau: 'the eighties all over again'. En yndie: it is sawat itselde benearjende gefoel as doedestiids.


Yn de auto draai ik op it heden de earste fan de rige Cash-CDs dy't ik op de jierdei krigen ha. It lêste wurk fan The Man in Black: mankelyk mei gauris in tsjuster rântsje. De ôfsluting fan in tiidrek...

Titelleas

Posted by Ate Grypstra on March 12, 2011 at 2:16 PM Comments comments (0)

Ik kom op it heden aardich om yn it skoalwurk. Mar al wettertraapjend kin ik it kopke krekt boppe wetter hâlde. Ik bin no ek al wykeins oan it wurk: it soe ferbean wurde moatte! No ja, tajûn: tusken de bedriuwen troch haw ik noch al efkes Bioshock útspile. Dat joech dan wol wer in beskate kik.


Fierders noch dit nijs: klik.

(mar dat wisten jo fêst al lang...)


Oft ik de lêste tiid noch goeie Fryske boeken lêzen ha? Yep. Mar dêr kin ik my foarlopich yn it iepenbier net al tefolle mear oer útlitte ;-)


Foar de jierdeiboekbonnen fan heit en mem haw ik lykwols gjin Fryske titels oanskaft. De kar is fallen op De Nevelprins fan Zafon en op de Bernhard-bio fan Annejet.


As lêste wol ik noch melde dat ik Joop Boomsma al skoften op it ynternet mis .

Spitich.

Let op b?d en sa

Posted by Ate Grypstra on February 26, 2011 at 5:55 AM Comments comments (2)

Soa, dochs wol wer aardich bykaam yn de foarjiersfakânsje. Wol in pear kear wat te let op bêd kaam, mar ach...


Wat de reden dêrfoar wie? Ien kear in (te) lange game-sesje (Bioshock... té fet) en ien kear in bioskoopbesite (Tron), wêrby't wy allinne nei  de lette film koenen. Dan witte jo dat ek wer even.


Fierders nei it swimbad west en, foardat de winter opnij ynfoel, in baltsje trape mei de jonges. Aardich wat boeken lêzen en sawat trijekwart fan in nij berneboekje skreaun.


En goed nijs krigen. Mar dêroer letter mear!

Drok (alwer)

Posted by Ate Grypstra on February 9, 2011 at 11:20 AM Comments comments (0)

Hoi. Ja, it giet goed. Mei jo ek hoopje ik.

En it is drok. Sil by jo net oars wêze.


Earstens sit ik mei full time wurk. Dat wie ik de lêste jierren net mear sa wend, mei âlderskipsferlof en sa. Twads haw ik op it heden aardich wat om hannen dat relatearre is oan de skriuwerij. Kollumke hjir. Oersettinkje dêr. Fan dy dingen.


Mar goed, jo fertsjinje it om it bytsje op de hichte te bliuwen. Ik lês op it heden de Fryske oersetting fan Terlouw syn Koning van Katoren. Noch altyd in leuk boek. Dat wikselje ik ôf mei it kleurige, fleurige en blommige dichtwurk fan Herman Gorter. Ek moai.


Ik sjoch net folle films en ek it gamen stiet spitigernôch op in rillik leech pitsje. Skriuwe doch ik noch wol, hear. Meikoarten mei der wer in berneboekje yninoar draaid wurde. Sil ik my takom wike ris efkes serieus oer bûgje.

Pub1

Posted by Ate Grypstra on January 19, 2011 at 1:12 PM Comments comments (1)

Ja! De earste publikaasje foar 2011 is alwer binnen. Myn ferhaal Middenyn ’e Winternacht is opnommen yn it tydskrift LinKk. En: alwer yn moaie opmaak. Bliid mei.


Der komt mear oan: in kollumke yn ’e doarpkrante, in ferhaal yn in lyts sammelbondeltsje en in pear gedichten yn in renomearre tydskrift. En dêrnei? Moat ik oan ’e slach mei in wat langer berneferhaal.


O ja: moarn is de ôftraap fan in nijsgjriich nij CD-projekt dêr't ik oan meiwurkje mei. Sin oan!

Frysk en Ingelsk en soks

Posted by Ate Grypstra on January 15, 2011 at 5:25 AM Comments comments (2)

Alle fiif leden fan ús húshâldinkje ha siik west. Mar dat is gelokkich wer achter de rêch, dus dêr sille we it fierders net mear oer ha. Us heit en mem binne krekt wer thús fan in stedetripke nei Rome. Da's ek goed nijs.


De ôfrûne tiid haw ik in nustje Fryske boeken lêzen: Under de Sinne fan de Ivige, Skrik, It Piipjen fan de Proai, De Frouwepenje, In Beferzen Mar, Griene Simmer, De Acht foar Achten Trein. Je moatte de boel al wat byhâlde, no? Mar der is ek noch in oare reden foar. En dus sil de list meikoarten noch wol aardich langer wurde...


En fierders haw ik yn it ramt fan in oar projekt twa ferskes oersetten fan it Ingelsk nei it Frysk. Ek hiel leuk om te dwaan.


Sit der noch mear yn it fet? Jep: earjuster krige ik op skoalle besite fan in dûmny dy't ik allinne noch mar fan namme koe.  Need I say more? Of bin ik no hiel heimsinnich oan it dwaan?


Sille wy foar de feroaring ris einigje op in negative noat? Ik haw it gefoel dat de klad wat yn Jurre sit. Nei de krystfakânsje is it tal besikers op it WebBoek dramatysk ôfnommen.

Seine

Posted by Ate Grypstra on December 31, 2010 at 5:45 AM Comments comments (2)

Nee, it slagget my dochs net om eltsenien oer te heljen om nei FeesBoek oer te stappen. Is ek net sa slim fansels. Dêr komt by: op FB skriuw ik myn blochjes yn it Hollandsch. En  in bytsje Frysk blochbrabbelje is ek noait ferkeard, of wol dan?


No, wêr sille we it ris even oer ha? Ik ha in moaie fakânsje hân, jo ek? Yn de earste wike der in soad op út west, benammen te reedriden mei de bûkes en ek in kear mei heit. Dat wie moai. Yn de twadde wike mear binnen sitten. Dat kin ik ek goed: binnen sitte. Want ik haw altyd wol wat te dwaan. Ik ha in stikmannich Fryske boeken lêzen, sa no en dan in kompjûterspultsje dien en aardich wat op myn nije gitaren om sitten te pingeljen.


En fierders? Fierders aardich wat tiid mei de famylje trochbrocht fansels. In prachtich nichtsje derby krigen. Twa heale Sjinezen begroete. En mei-inoar SinterKryst fierd. Bakken fol mei seine dus!

Oerstappe

Posted by Ate Grypstra on December 22, 2010 at 3:13 AM Comments comments (5)

Hallo, bêste minsken. Ja, ik sjoch it ek gebeuren: der ferskine hjir hieltyd minder blochjes.


Reden? FeesBoek. Sitte jo der ek al op? Of binne jo net sa fan it massagedrach? Jo moatte al wat mei de tiid mei, no?


Mar goed, wurdt it tiid foar my om in defintive kar te meitsjen? Moatte we hjirre de boel mar plat goaie? Fragen, fragen...


De skriuwerswebstek bliuwt yn alle gefallen wol yn de loft. Mar faaks is it wol sa earlik om te konstatearjen dat FeesBoek de blochfunksje oernaam hat. Dus sille we wat dy funksjonaliteit betreft dan mar oerstappe? Geane jo mei?


KLIK!


Rss_feed

Start a Free Blog at Webs.com